Wedstriid Cambuur ôfsein

24 jan 2013 - 14:25

De fuotbalwedstriid tusken Cambuur en FC Eindhoven giet freedtejûn net troch. It fjild is neffens skiedsrjochter Mario Diks fanwege de froast net goed genôch om de wedstriid trochgean te litten. De wedstriid yn de Jupiler League soe om acht oere yn it Cambuurstadion begjinne.

Om dochs wedstriidritme op te dwaan spile Cambuur tongersdeitemiddei in útwedstriid tsjin Jong Twente. It waard 1-1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)