Oerfallers goudhanneler pakt

24 jan 2013 - 13:59

De plysje hat in twadde fertochte oanhâlden foar de oerfal op in goudhanneler yn Drachten op 12 maart ferline jier. It is in 18-jierrige Drachtster. Moandeitejûn waard al in jonge fan 17 jier oanhâlden. De manlju woene mei fjoerwapens de winkel oerfalle. Der ûntstie in fjochtpartij tusken de eigener en de oerfallers, wêrby de eigener fan de winkel ien fan de oerfallers in tik joech mei har eigen wapen. Doe naaiden se út.

It DNA fan de jonge dy't no oanhâlden is, komt oerien mei it DNA dat op it wapen fûn is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)