Himpkwekerij yn lisboksstâl

24 jan 2013 - 11:23

De plysje hat tongersdei in grutte himpkwekerij yn in lisboksstâl yn Suwâld opromme. De himpplanten stiene yn de jarreput en de stâl, mar ek yn de pleats by de lisboksstâl. De bewenners, in man en in frou, binne oanhâlden. Yn de pleats oan de Alde Miede is ek in droegerij fûn.

Ek yn Ljouwert waard in man oanhâlden fanwege belutsenheid by de kwekerij. Dy man hie in stroomstjitwapen by him. Twa auto's, in scooter en in sportfyts binne yn beslach naam. De kwekerij foel op troch it opfallend hege stroomferbrûk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)