Man driget mei izeren stêf
In 40-jierrige man út Snits is woansdeitejûn oppakt foar bedriging. Op de Slachtedyk op De Jouwer krige de man wurden mei in 36-jierrige Jouster.
De Snitser bedrige de Jouster mei in grutte izeren stêf. Dy hat de plysje yn beslach naam. Werom't de manlju wurden krigen, is net bekend.