Snitser ferwûne op A7

24 jan 2013 - 10:10

In 21-jierrige Snitser is woansdei ferwûne rekke by in iensidich ûngemak op de A7 by Boarnsweach. Tusken Snits en De Jouwer rekke hy by it ynheljen yn de slip en bedarre yn de middenberm.

Troch in stjoerkorreksje skeat er de dyk oer en botste er op de fangrail neist de flechtstrook, doe gisele hy yn 'e rûnte en knalde nochris tsjin de fangrail. De brânwacht hat de man út de auto helle. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)