Manlju driigje mei mes

24 jan 2013 - 10:06

Twa manlju mei drugs op hawwe woansdeitejûn op de Gedempte Molenwijk op It Hearrenfean in man bedrige mei in mes. De 42-jierrige Hearrenfeanster warskôge de plysje, mar de dieders wiene doe al útnaaid.

De plysje hat de twa, in 24-jierrige Koudummer en in 22-jierrige Arumer, letter yn Ljouwert oanhâlden. Se hiene beide ferskate soarten drugs by harren. Yn de auto fan de twa leine ek noch twa flessen mei GHB.

(advertinsje)