Winst Sligro heger as tocht

24 jan 2013 - 09:49

Gruthannel Sligro hat ferline jier 9 miljoen euro minder winst makke as it jier derfoar. De winst oer 2012 berûn 70 miljoen euro, dat is mear as Sligro ferwachte hie. Der wie in prognoaze dien fan 65 miljoen. De gruthannel, mei festigings yn Ljouwert en Drachten, hat wol in gruttere omset helle: sa'n 2 persint mear.

Foaral yn it earste healjier fan 2012 hat Sligro it dreech hân. Yn it twadde healjier koe it bedriuw better ynspylje op de minne omstannichheden op de merk. Foar 2012 ferwachtet Sligro opnij in dreech jier.

Trefwurden: 
winst gruthannel Sligro
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)