Koen en Lubbers kampioen

Leslie Koen en Marco Lubbers binne de earste Fryske kampioenen supersprint op natueriis. Op de iisbaan fan Grou wiene sy de bêsten nei trije ôfstannen: de 100 meter, de 300 meter en de 500 meter. By de froulju waard Moniek Klijnstra twadde en Mandy Groot tredde. Lubbers stie mei Jan Wiebe Riemsersma en Guido Berends op it poadium. De dielname oan dizze primeur hie better kinnen, der wiene sân manlju en njoggen froulju.
Leslie Koen waard tiisdei yn Alteveer (Grinslân) Nederlânsk kampioen op de koartebaan.