Toertocht ferskood nei sneon

23 jan 2013 - 21:47

De toertocht dy't freed ferriden wurde soe op de Brekken by Snits is ferskood nei sneon. It iis is freed dik genôch, mar de organisaasje fan de tocht kin net genôch frijwilligers fine dy't freed meihelpe wolle. By it Van der Valk hotel fan Snits kin sneon tusken tsien oere moarns en trije oere middeis start wurde.

Der wurde rûtes fan 10, 20, 30 en 40 kilometer útset. It is foar it earst dat op de Brekken in toertocht ferriden wurde sil.

Trefwurden: 
toertocht Brekken
(advertinsje)