IIshockey-clinic Flyers sukses
Spilers fan de UNIS Flyers fan It Hearrenfean hawwe tongersdei iishockey-clinics fersoarge op de iisbaan fan Nijlemmer. Goed hûndert skoalbern kamen op de fergese lessen ôf.
Neist in slagge sportmiddei hopet de iishockeyklup mei de clinics jonges en famkes safier te krijen dat se de iishockeysport beoefenje wolle.