Undersyk nei musea

23 jan 2013 - 20:52

Der komt in ûnôfhinkelik ûndersyk nei alle musea yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Sa sil besjoen wurde oft de musea noch foldogge oan de easken dy't troch de gemeente steld binne en oft de musea ek genôch takomst hawwe. Dêrmei wol Súdwest-Fryslân besjen hokker musea noch op subsydzje fan de gemeente rekkenje kinne.

Yn it ûndersyk sil ûnder oaren besjoen wurde oft genôch dien wurdt oan edukaasje en oft de marketing op oarder is. 

Trefwurden: 
subsydzje musea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)