Gjin plannen soarchbuorkerij

De ophef oer de útwreidingsplannen fan de soarchbuorkerij yn Wynjewâld neamt eigener Barf in stoarm yn in glês wetter. De oanjager fan de ophef is de partij Opsterlâns Belang. Dy freegje oan b. en w. om út te sjen nei in alternative lokaasje foar de opfang. De soarchbuorkerij stiet oan de râne fan it doarp en de partij fynt dat de opfang te grut wurdt.
Neffens Barf binne de útwreidingsplannen lykwols ferline moanne al yn de iiskast set. In oare lokaasje foar de soarchbuorkerij is in oare diskusje, mar is noch net oan de oarder.