Van La Parra yn Jong Oranje

23 jan 2013 - 16:29

Rajiv van La Parra fan SC Hearrenfean is opnommen yn de foarseleksje fan Jong Oranje. Bûnscoach Cor Pot hat in foarseleksje makke dy't út 27 spilers bestiet. De definitive seleksje wurdt op 1 febrewaris bekendmakke. Op tiisdei 5 febrewaris spilet Jong Oranje in oefenynterlân tsjin en yn Kroäsië.

Mei dizze ynterlânwedstriid wurket Jong Oranje ta nei it EK foar spilers ûnder 21 jier, dat yn juny dit jier hâlden wurdt yn Israël.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)