Winter leit baggerwurk stil

23 jan 2013 - 14:47

It winterwaar makket dat Rykswettersteat it baggerjen fan farrûtes en havens yn de Waadsee stillein hat. Driuwiis en lege temperatueren meitsje it wurk ûnmooglik.

It giet om gewoan ûnderhâld dat útfierd wurdt om de rûtes nei de eilannen befarber te hâlden. Dy moatte foldwaan oan djiptes dy't Rykswettersteat mei de Waadgemeenten en de feartsjinsten ôfpraat hat. Wannear't it baggerjen wer begjinne kin is noch net dúdlik, de rûtes binne wol gewoan te brûken.

Trefwurden: 
Waadsee winterwaar Baggerjen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)