Deputearre Konst op it matsje

23 jan 2013 - 12:44

Provinsjale steaten ropt deputearre Hans Konst woansdeitemiddei op it matsje oer it grûnbelied fan de provinsje. Dat belied leit ûnder fjoer neidat it rapport fan buro Berenschot útwiisde dat deputearre steaten grutte stekken falle litten hat. By de oanlis fan diken is grûn oankocht foar fierstente folle jild en wie it ûndúdlik wa fan de deputearren no eins ferantwurdlik is foar dy grûnoankeapen.

It die ek bliken dat deputearre Konst de ôfrûne jierren wol ferantwurdlik wie foar it grûnbelied, wylst er sei dat net te witten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)