Jarretank omkypt yn Boalsert

jarretank omkypt yn Boalsert © Nathanael Andringa/112SWF.nl
Op de Wibrandawei yn Boalsert is oan de ein fan woansdeitemoarn in jarretank kantele dy't achter in trekker siet. Ien rydbaan is dêrom ôfsletten. Op in part fan de dyk leit jarre. De provinsje is warskôge om foar te kommen dat de jarre yn de sleat rinne sil.
Der binne gjin minsken ferwûne rekke. Oer de oarsaak fan it ûngelok is op dit stuit noch neat bekend.