Minsken belûke by greidefûgels

De provinsje moat yn it nije greidefûgelbelied mear rekken hâlde mei draachflak yn de mienskip. Dêrneist moat der net allinnich sjoen wurde nei it eindoel fan 10.000 skriezebriedpearen, mar moatte der ek tuskendoelen formulearre wurde.
Dat binne twa fan de tsien oanbefellings dy't it jongerepanel Duorsum Fryslân docht oan de provinsje. De advizen komme nei oanlieding fan de koersnotysje Greidefûgels fan desimber 2012.
De jongeren hawwe ferskate ûndersyksrapporten lêzen en ynformaasje ynwûn by saakkundigen. Deputearre Johannes Kramer is entûsjast oer de ideeën fan de jongeren; hy wol dat se yn febrewaris ynsprekke yn de kommisjegearkomste.