Grien gas foar Skiermûntseach

23 jan 2013 - 10:28

Enerzjyleveransier Greenchoice hat in kontrakt ôfsletten mei in groep boeren op Skiermûntseach. De boeren hawwe plannen foar it bouwen fan in biofergistingsynstallaasje op it eilân. Dêrmei soe sa'n 80% fan it gas dat Skiermûntseach nedich hat produsearre wurde moatte.

Greenchoice sil de boeren no helpe by de útfiering fan har plannen. Doel is dat it earste gas yn de rin fan takom jier beskikber komt. It bedriuw sil op termyn ek gas fan de boeren ôfnimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)