Mercurius kin troch

22 jan 2013 - 19:28

It is wer hielendal goed tusken de gemeente Ljouwert en de lokale stedsomrop Mercurius. Beide kinne inoar fine yn in nije opset en programmearing fan de gemeentlike omrop. Der is in nij bestjoer en der binne mear as 100 frijwilligers.

Mercurius krijt dit jier 85.000 euro en moat sels noch foar 15.000 euro op paad om de begrutting rûn te krijen, mar dat sil neffens it nije bestjoer wol slagje. Wethâlder Isabella Diks hie net tocht dat it sa gau wer goed komme soe tusken de gemeente en Mercurius.

Der wie sels al in brief nei it kommissariaat fan de Media ta om de stjoermachtiging yn te lûken. De gemeentlike fergoeding is te krap, mar wethâlder Diks tinkt dat de gemeenteried aanst wol mei mear jild op de proppen komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)