Undersyk nei gers foar guozzen

It guozzeprobleem soe wolris oplost wurde kinne mei it brûken fan oar gers. Dat tinkt steatelid Klaas Hettinga fan D66. Neffens Hettinga fine de guozzen it aaiwytrike gers dat Fryske boeren brûke sa lekker, dat se hjir ek simmers bliuwe en foar mear neiteam soargje. D66 wol dat de provinsje ûndersyk docht nei de relaasje tusken de guozzen en it gers.
LTO Noard is foarstanner fan in ûndersyk, mar tinkt dat it noch in soad tiid kostje sil foardat der in ferfangend soad gers fûn is. Boppedat is it mar de fraach oft kij dat like lekker fine.