Eksposysje Alvestêdetocht 1963

22 jan 2013 - 16:51

De barre Alvestêdetocht fan 1963 stiet sintraal yn in nije eksposysje yn it WTC-Expo yn Ljouwert. De eksposysje is in inisjatyf fan it Nederlânsk Parsemuseum yn Amsterdam, mar ek Tresoar en de stifting Beeld en Geluid dogge mei. Neffens de organisatoaren wurdt unyk materiaal sjen litten yn de tentoanstelling. It materiaal is te sjen fan 25 jannewaris oant 25 febrewaris yn in aparte seal yn it WTC-Expo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)