Drugsbesitters oppakt

22 jan 2013 - 12:45

De plysje hat moandeitejûn in 25-jierrige ynwenner fan Warten oanhâlden. Dat wie op de Ljouwerterdyk yn Snits. De automobilist hie gjin papieren by him, en doe't er fûllearre waard die boppedat bliken dat er drugs yn besit hie. It giet om tsien boltsjes, nei alle gedachten harddrugs.

Yn Wolvegea waard foar itselde fergryp in 22-jierrige ynwenner fan dat doarp oanhâlden. De man hie in pûdsje fan goed 40 gram himp yn it dashboardkastje. De maksaal is fiif gram tastien. Yn in tas hie de Wolvegeaster ek nochris twa lytsere pûdsjes mei himp.

Trefwurden: 
drugs himp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)