'PeliKoepeltsjerke earst los'

22 jan 2013 - 12:28

De protestânske Koepeltsjerke en Pelikaantsjerke fan Ljouwert meie it kommende heal jier ûndersykje oft der genôch draachflak is foar in selsstannige PeliKoepelgemeente. It heechste advysorgaan fan de PKN, it generaal kolleezje foar de fisitaasje, hat dit moandei advisearre oan de PKN Ljouwert.

Dy tsjerklike gemeente is dwaande om tsjerkegebouwen te sluten, wêrûnder de Koepeltsjerke en de Pelikaantsjerke, mar stuit dêrby op fûl ferset. De Koepel- en Pelikaangemeente wolle dêrom apart fierder.

Neffens de plannen fan de PKN yn Ljouwert sille de Koepeltsjerke en de Pelikaantsjerke fusearje mei de Open Hof yn Ljouwert. Foarsitter Bijma fan de tsjerkeried fan de Open Hof hat grutte muoite mei it advys dat de Pelikaan- en de Koepelgemeente mooglik los fierder geane. Kristenen moatte net tsiere oer stiennen en gebouwen, mar mei-inoar tsjerke wêze, sa seit Bijma. De PKN-gemeente fan Ljouwert sil it saneamde gebouwe-beslút, it beslút om ûnder oare de Koepeltsjerke en de Pelikaantsjerke te sluten, neffens plan trochsette. De Koepeltsjerke en Pelikaantsjerke geane ticht sadree't de ferbouwing fan de Open Hof klear is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)