Rêdingsboaten minder yn aksje

De Fryske rêdingsboaten hoegden ferline jier folle minder yn aksje te kommen as oare jierren. It tal aksjes rûn werom fan 561 yn 2011 nei 494 yn 2012. Drokke posten as de KNRM-post Ballumerbocht op It Amelân moasten oare jierren jierliks wol 140 kear útrukke, yn 2012 kamen se 103 kear yn aksje. Foaral it tal pasjinten dat fan de eilannen nei de wâl brocht wurde moast rûn tebek, omdat dat faker mei de traumahelikopter dien wurdt. Lanlik moast de KNRM folle faker yn aksje komme foar de beropsfeart.
Fryske KNRM'ers sochten ûnder oare mei nei de beide matroazen dy't by Skylge yn min waar oer board sloegen fan de MS Timberland ein novimber.