Frachtwein oan de kant set

De plysje hat moandei by Ternaard in frachtwein oan de kant fan de dyk set dy't mei gefaarlike stoffen rieden op de glêde diken. Ek yn Grootegast, yn Grinslân, waarden twa transporten fan gefaarlike stoffen stilset. Sjauffeurs dy't mei gefaarlike stoffen ride, moatte oan spesjale regels foldwaan. Sa meie se net ride by gefaarlike omstannichheden sa as op glêde diken. Yn Ternaard waard it transport midden yn in sniebui op de dyk oantroffen. De sjauffeur hat mei de plysje in feilich plak socht en moast wachtsje oant de diken wer skjin wiene.