Nije rêdingsboat kommendewei

Rêdingsboat KNRM © Omrop Fryslân
Twa Fryske bedriuwen binne dwaande mei de ûntwikkeling fan in nije rêdingsboat foar de Koninklijke Nederlandse Reddingsmaatschappij. It giet om Damen Shipyards en Harlingen North-Line Yachts. De nije boat hat in spesjaal ûntwurpen bileboech, dy't troch de golven snijt. It skip moat fan 't hjerst klear wêze. Dêrnei wurdt er teste op see. De KNRM wol de nije rêdingsboat ek oanbiede oan oare rêdingsmaatskippijen en kustwachten oer de hiele wrâld.