Fertochte oerfal út 2012 pakt

Oanhâlden © Omrop Fryslân
De plysje hat moandei in 17-jierrige Drachtster oanholden foar belutsenheid by in oerfal op in goudhanneler. De oerfal wie op 17 maart 2012 oan it Riedhúsplein yn Drachten. Dy dei kamen twa manlju mei bivakmûtsen op en mei in fjoerwapen de winkel yn en easken jild. De 40-jierrige eigener joech se wat jild en rekke doe mei har yn gefjocht. Hy pakte it wapen ôf en nei't er ien fan de manlju dêr in tik mei jûn hie, naaiden se út.
Koart nei de oerfal kaam in melding dat ien twa manlju sjoen hie dy't mei bivakmûtsen op in flat oan de Vogelweide yngien wiene. Nei ûndersyk die bliken dat se neat mei de oerfal te krijen hiene. By de oerfal bleaune it wapen en wat oar guod achter. Op dat guod is DNA-materiaal oantroffen. It DNA-profyl matcht mei de fertochte dy't no oanholden is. De plysje slút mear oanhâldings net út.