Jesper Hospes wer kampioen

21 jan 2013 - 23:35

Jesper Hospes waard moandeitejûn foar de tredde kear op rige Nederlânsk kampioen op de koartebaan. Op de moaie iisbaan fan iisferiening De Lemmer wie de reedrider fan It Hearrenfean dúdlik de sterkste fan de 45 dielnimmers. Yn de finale rekkene hy ôf mei Pim Schipper, mei Freddy Wennemars en mei ploechmaat Jacques de Koning. Hospes wûn net allinne de trije finaleritten, mar boppedat hie er ek fierwei de bêste totaaltiid. De Koning waard twadde, Wennemars tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)