Pronkride op it Nannewiid

Op it iis fan it Nannewiid wurdt no tongersdei it Iepen Gewestlik kampioenskip pronkriden op natueriis hâlden. It is foar de earste kear dat dit kampioenskip ferriden wurde sil. De wedstriden binne op it noardlike part fan it Nannewiid.
Dielnimmers kinne har opjaan yn ien fan de trije klassen. De wedstriid is in inisjatyf fan ûnder oare de iisklup fan Aldehaske en de Lanlike Feriening fan Pronkriders.