IIssiler sakket troch it iis
De brânwacht hat moandei oan de ein fan de middei dwaande west mei de rêding fan in man op de Wide Ie by Grou. Hy wie dêr mei noch twa oaren oan it iissilen en is troch it iis gien.
Om't se net wisten wer't se krekt wiene duorre it lang foardat de helptsjinsten de iissilers fûn hiene. De man koe nei mear as in heal oere troch dûkers oan de kant helle wurde. Hy wie noch oansprekber en hy waard oerbrocht nei it sikehûs.