Toertocht by Snits
Op De Brekken by Snits wurdt freed de earste toertocht fan dit seizoen ferriden. De iiswegesintrale dêr seit dat it iis dan dik genoch is. By mjittings moandeitemiddei die bliken dat der goed acht oant tsien sintimeter iis leit. De start fan de tocht is yn it Van der Valk-hotel by Snits.