Klaas Lageweg nei Het Loo

21 jan 2013 - 14:04

De Fryske keunstner Klaas Lageweg is útkeazen foar in eksposysje oer Keninginne Beatrix yn Paleis Het Loo. De NOS hie in oprop dien en dêr kamen 2000 ynstjoerings op. Dêr binne in sechtichtal fan útkeazen en dêr is it keunstwurk fan Lageweg ien fan. Alle keunstwurken moatte in byld jaan fan keninginne Beatrix.

Op 30 jannewaris stjoert de NOS in programma oer Het Beeld van Beatrix út. De útstalling iepenet in dei letter, op 31 jannewaris, en rint oant en mei 20 maaie.

Oare wurken dy't der ek hingje sille, binne fan Andy Warhol en Marte Röling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)