'Rêding sels betelje'

21 jan 2013 - 12:05

Unfoarsichtige reedriders moatte sels opdraaie foar de hege kosten fan harren eigen rêding. Dat fynt foarsitter Oostenbrug fan it Frysk IIsbûn. Hy reagearret dêrmei op alle gefallen fan reedriders dy't troch it iis sakken. Snein wie der noch in sykaksje op de Iselmar. Sneon moast in frou út Ederveen út in wek yn de Snitsermar rêden wurde.

Oostenbrug fynt dat de reedriders hieltyd dryster wurde. Hy hopet dat de hege kosten fan in rêding harren mooglik oan it tinken sette sille.

No't rûnom yn Fryslân snie fallen is, kin kommende wike net mear op bûteniis riden wurde. De sitewaasje wie al hopeleas, en it iis no hielendal ûnbetrouber, warskôget Oostenbrug.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)