Lytser strân troch sâltwinning

Sâltwinning ûnder de Waadsee hat folle gruttere gefolgen as tocht wurdt. Dat seit direkteur Berkhuysen fan de Waadferiening. Troch de winning ûnstean grutte gatten dêr't wer sân yn komme moat. Dat sân moat earne weikomme en it kin ek fan 'e strannen komme.
Berkhuysen hat him fernuvere oer antwurden fan steatssiktaris Dijksma fan Ekonomyske Saken yn antwurd op Keamerfragen. Sy seit dat mei it opspuitsjen fan sân op it strân in soad oplost wurde kin.