Mishanneling by iisbaan

21 jan 2013 - 10:33

De plysje hat sneintejûn op de Badhúswei op De Westereen in 17-jierrige ynwenner fan dat plak oanhâlden op fertinking fan mishanneling. De jonge wurdt derfan fertocht dat er by de iisbaan in 18-jierrige doarpsgenoat bedrige en slein hat. De jonge rekke dêrtroch even út de tiid.

It slachtoffer hat oanjefte dien by de plysje. Dy koe de 17-jierrige fertochte letter by syn âlden thús oanhâlde.

Trefwurden: 
mishanneling iisbaan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)