55 km te hurd op Wâldwei

21 jan 2013 - 10:04
Foto: Omrop Fryslân

In 27-jierrige automobilist út Rosmalen yn Noard-Brabân is sneintemiddei op de Wâldwei syn rydbewiis kwytrekke. De man ried 155, wylst 100 dêr it maksimum is. De man foel de plysje op troch syn opfallend rydgedrach.

De hurdrider is oanhâlden en hy koe syn rydbewiis ynleverje. Der is ek der in proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
hurdrider Wâldwei
(advertinsje)
(advertinsje)