Boaten falle út troch iisgong

Fanwege de iisgong op de Waadsee lit Doeksen fan 'e wike de rappe boaten nei Skylge en Flylân ferfalle. Yn it plak dêrfan farre ekstra gewoane fearboaten. Fan Skylge giet dy om healwei seizen en nei Skylge om tsien foar achten.
Fan Flylân fart om fiif oere in ekstra feartsjinst nei de fêstewâl en om sân oere giet der dan noch in boat fan Harns nei Flylân.