IIstransplantaasje yn Hylpen
De iisklup fan Hylpen hat snein drok dwaande west mei in iistransplantaasje. In stik fan de Alvestêderûte is al goed te beriden, mar ûnder de brêge leit noch in grut wek.
Mei man en macht is snein iis út in oare feart weihelle en ûnder de brêge yn it wetter litten. De hope is dat de froast der in knappe iisflier fan makket.