Argewaasje fan weachhalzen

Helptsjinsten hawwe harren nocht fan minsken dy't harsels op it iis yn gefaar bringe. Sneon sakke foar de tredde kear yn trije dagen ien yn Fryslân troch it iis. It gie om in 46-jierrige frou út Ederveen. Dat wie op 's Snitsermar. De brânwacht koe net gau genôch by har komme. De frou is eintsjebeslút rêden troch famylje.
Neffens in wurdfierder fan de plysje hawwe helptsjinsten bot argewaasje fan it feit dat sy harren libje weagje moatte foar minsken dy't it sels op it spul sette, wylst warskôge wurdt dat bûteniis gefaarlik is.