Goud en sulver op EK ôflossing

De Fryske shorttrackers Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma hawwe mei de manljusploech snein njonken de Europeeske titel grypt op it ûnderdiel ploege-ôflossing. Yn de finale wienen de Russyske manlju de Nederlanners de baas. Mei noch inkele rûntsjes te gean manoeuvrearren de Russen harren yn de liedende posysje en joegen dy net mear fuort. Knegt brocht de Nederlânske ploech úteinlik it sulver. It brûns wie foar de Hongaren.
By de froulju wie der wol goud. Foar de tredde kear op rige wienen de Hollânske froulju de bêste. It sulver wie foar Dútslân, it brûns foar Poalen.