Iselmar 'loas alarm'

Grutte ynset helptsjinsten, mar loas alarm © Jaring Rispens
Helptsjinsten binne sneintemiddei om 'e nocht manmachtich útrukt foar in persoan dy't troch it iis sakke wêze soe. In frou soe sjoen hawwe dat in persoan yn it wetter lei. Dat barde by de kop fan 'e Ofslútdyk op 'e Iselmar. De brânwachtkorpsen fan It Hearrenfean, Wytmarsum en Snits waarden oproppen. Dûkers fan de brânwacht Snits krigen ek berjocht. Aginten hawwe it iis ôfsocht mei kikers, mar neat fine kind. De helptsjinsten binne dêrnei wer ôfset.