Pyt: Thúsbliuwe fanwege snie

20 jan 2013 - 16:26

Waarman Pyt Paulusma warskôget minsken safolle mooglik thús te bliuwen. Dat sei er sneintemiddei foar Omrop Fryslân Radio. Der komt snie oan en yn kombinaasje mei de hurde wyn, kin dat sniedunen en problemen yn it ferkear opsmite. Sa om 6 of 7 oere hinne snijt it yn de hiele provinsje, sa is de ferwachting.

De sniefal sil jûn en moarnier noch oanhâlde. De temperatueren lizze oerdeis om de -3 of -4 graden en nachts -7 of -8. It iis yn de fearten kin troch de sniefal net fierder oangroeie. Se binne dan ek net heal fertroud.

Yn de Boalserterfeart leit sawat 4 sintimeter iis. Dat is fierste gefaarlik om op te riden. Dat jildt foar mear fearten en djippe wetters. Reedriders moatte foaral nei de iisbanen úwike. Dy kinne boppedat sniefrij makke en hâlden wurde wat de iissterkte grutter makket as it -7 of -8 graden friest.

Trefwurden: 
Pyt Paulusma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)