Mid-Fryslân ferliest fan AWDTV

20 jan 2013 - 16:04

De kuorballers fan Mid-Fryslân hawwe snein mei 19-24 ferlern fan AW.DTV. Yn sporthal De Twine yn Grou rûn de ploech fan trainer Arjan Kreeft de hiele wedstriid efter de feiten oan. Mei noch in kertier te gean yn de earste helte stie der in tuskenstân fan 3-7 op it boerd. Nei in lytse ynhelrace socht Mid-Fryslân by 8-11 de klaaikeamers op. Nei it skoft holden de gasten út Amsterdam de foarsprong yn stân en rûnen oan 'e ein út nei in terjochte oerwinning.

Mid-Fryslân stiet mei 7 punten út 9 wedstriden op it fyfde plak yn de haadklasse B.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)