Knegt net yn finale 1000 meter

20 jan 2013 - 15:32

Shorttracker Sjinkie Knegt hat him snein net pleatst foar de finale fan de 1000 meter by it EK shorttrack yn Malmö. De regearjend kampioen en klassemintslieder ferslokte him yn de kwartfinales. De Bantegeaster wist nei in ynhelaksje op de twadde posysje te kommen, mar gong dêrnei ûnderút doe't er yn botsing kaam mei de Hongaar Sandor Liu Shaolin. De nûmer twa fan it klassemint, de Rus Vladimir Grigorev, helle de finale fan de 1000 meter ek net.

De winst gong nei Freek van der Wart, dy't troch de oerwinning yn it klassemint nei plak 2 klimt.

Knegt stiet yn it klassemint noch altyd earste mei 55 punten, folge troch Van der Wart mei 50 punten. Op it tredde plak stiet Grigorev mei 34 punten. Knegt sil snein om 16.00 oere syn titel ferdigenje moatte op de ôfslutende 3000 meter. De Bantegeaster komt ek noch yn aksje op it ûnderdiel ôflossing mei de Nederlânske ploech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)