Snie fertraget iisgroei

iis
De snie dy't it KNMI foarsein hat foar sneintejûn hat gefolgen foar de oangroei fan it iis. Dat sil minder hurd gean. De farske snielaach fungearret as in soart isolaasjetekken. Yn guon gefallen kin it iis sels oan 'e ûnderkant fuortteie troch ferminging mei it relatyf waarmere wetter.
De moarnsspits yn Noard-Nederlân moat rekken hâlde mei fertagings troch de snie. Struiploegen bliuwe nei alle gedachten oant moandeitemiddei dwaande.