Gjin froastferlet út benaudens

20 jan 2013 - 13:23

Boufakkers wurkje hieltyd faker troch wannear't it bûtendoar bot friest. Se binne benaud dat se oars dien krije. Dat konstatearret Johannes Osinga fan CNV Vakmensen. Yn de bou-cao stiet dat by min seis graden boufakkers ophâlde meie, útsein wannear't stegers goed ôfdutsen binne of personiel beskermingsklean kriget. Dochs binne der neffens Osinga yn Fryslân ek oannimmers dy't personiel gjin frij jouwe, wylst se der wol rjocht op hawwe.

It trochwurkjen kin ûngelokken en ûnderkuolling feroarsaakje. Boppedat kin it wurk ferkeard útfierd wurde.

De fakbûnen hawwe de ôfrûne wiken noch gjin meldings krige fan leden oer it trochwurken by lege temperatueren. Neffens Osinga komt dat om't personiel benaud is foar ûntslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)