Traap tsjin spegel plysje-auto
Plysjeminsken yn boarger hawwe sneon yn Hurdegaryp in man fan 18 jier út Oentsjerk oanhâlden. Sy seagen dat de man by in plysje-auto delfytste en in skop tsjin de spegel joech. De Oentsjerker waard oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo. Dêr hat er in proses-ferbaal krigen.