Ynbraken Ljouwert mislearje

20 jan 2013 - 11:20

Der is sneontejûn besocht yn te brekken op twa plakken yn Ljouwert. Oan de Bischopstrjitte besochten ynbrekkers in hûs yn te kommen. De befeiliging wie lykwols sa goed dat dat net slagge. De skea bleau dêrtroch beheind.

Oan de Rozenstrjitte waard oan it begjin fan de jûn besocht om in foardoar iepen te brekken. De bewenners hearden dat. Doe't de ynbrekkers dat yn de gaten krigen, naaiden se út.

Trefwurden: 
ynbraak wenningynbraken
(advertinsje)