Sechsde winst Arjan Stroetinga

19 jan 2013 - 22:44

Arjan Stroetinga hat de lêste maraton om de KPN Cup wûn. Yn Amsterdam wie de Waskermarder de rapste fan in kopgroep fan tweintich man. Foar Stroetinga wie it de sechsde oerwinning yn fyftjin wedstriden. Syn ploechmaat Christijn Groeneveld waard twadde en waard winner fan it klassemint. Stroetinga waard deryn twadde. By de froulju wie der dûbele winst foar Mariska Huisman. Se wûn de lêste wedstriid en it klassemint. Rixt Meijer waard twadde yn de einstân, Maria Sterk tredde.

Trefwurden: 
maraton reedriden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)