Minne start SC Hearrenfean

19 jan 2013 - 22:13

SC Hearrenfean is min úteinset oan de twadde seizoenshelte. Yn it eigen Abe Lenstra stadion ferlear de ploech mei 1-0 fan Heracles Almelo. Al nei 50 tellen skoarde de ploech út Almelo fia Everton.

Hearrenfean besocht de lykmakker te forsearjen, mar waard amper gefaarlik. Heracles wie mei in skot op de peal fan opnij Everton noch tichtby de 2-0. Ek yn de twadde helte krige Hearrenfean net in soad kânsen. De oerwinning fan Heracles wie dêrom fertsjinne.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)